Het afscheidswoord van Seerp Rypkema. Hij neemt afscheid van onze basisschool.

Door: Seerp Rypkema

1 augustus 2011 mocht ik starte op de van Haersma Buma Skoalle yn Jutryp/Hommerts. De start op de van Haersma Buma wie goed. In moai gebou, in aktyve Ouder- en Medezeggenschapsraad, goeie opbringsten. Op in (relatyf) wat lytsere skoalle is it belangryk om de taken meiinoar ut te fieren. Seker wanneart der minsken utfalle of siik reitsje, moat je foar inoar klearstean. Dat is en wie it gefal. Elkenien sette him foar de folle 100% yn. Hiel belangryk is, dat je hurd wurkjend de selfde doelen neistribje. skouder oan skouder mei bern en alders. Dat bart no op in geweldige wize!!

By myn earste kennismaking op in alderjn sei ik dat in skoalle mei sokke hege toetsskoares wol in superskoalle weze moat. As reaksy fertelden de alders dat men sfear en goed omgean meiinoar folle belangryker fun. Dat ha we as tiim yn us earen knope. We sertifisearden us as kanjerskoalle, ha oan de kommunikaasje wurke fya u.o. in learlingpanel en yn it begjin in alderpanel. We ha wurke mei talinten, passend underwiis en dus groepsplannen ynfierd en omboud tot arrangementen. We ha in kontinuroaster ynfierd, der is hjir en der wat oan skoalle ferspikere, we ha in super plein krige, (dankjewol alders en kollega fan de pleinkommisje). En der wienen kollegas dyt in respektabele oare kar makken yn hun karrire. Mar it allerbelangrykste: de bern en alders binne tefreden. Al is der fansels altyd wat, ek wy meitse flaters. Moai is, dat alders wer werom komme dyt earder de bern op in oare skoalle hienen.

Fansels binne der seker noch saken dyt ferbettere wurde kinne: de trijetaligens moat wer oanpakt wurde, mei namme Ingelsk, de kommunikaasje bliuwt altyd fan belang, groepstrochbrekkende aktiviteiten yn de boppebou en it eignerskip fan it learen kin noch mear by de bern lizze. Moaie stappen dyt it team as utdaging prima oankin!!

De oanpak en nije saken op skoalle barden iendrachtich en tegearre mei, en soms troch alders. (geweldich) En der ha we allegearre ek hurd foar wurke! Gearwurkje, skouder oan skouder stean en goed praten bliuwe binne belangryke saken. De relaasje mei sawol bern as alders moat posityf, iepen en professioneel weze. Werby t wy nei beide kanten iepen stean moatte foar feedback.

En it fielde goed om hjir te wurkjen.

Werom giest dan fuort? Wa ferlit no in skoalle mei in TOPteam, in goeie relaasje mei MR, OR en alders, bern dyt it nei it sin ha…… Miskien moatst just dan in plakje frij meitsje. In frisse wyn, nije ideen, in oare blik wurket ferfrissend.

En foar my kaam der op myn paad in nije stap, in nije utdaging. Yn de Lege Geaen mei ik in hiel aardich fusyproses begeliede en oanstjoere mei de 3 skoallen fan Tersoal, Sybrandabuorren en Gau. Fan 3 ferskillende stichtingen: Odyssee, (iepenbier Snits) PCBO Ljouwert en Palludara. En de teams, bern, alders binne drok dwaande om mei in architekt in nij gebou te untwikkeljen dat op 01-08-2020 klear is. Jim begrype dat ik dy kans net foarby gean litte woe. Ek al sit de Hommertser skoalle yn myn hert. En dat bliuwt ek sa.

It wie super om yn Hommerts te wurkjen en in utdaging om tegearre mei elkenien: bern, team, alders, MR/OR, de buurt en beide doarpen Jutryp en Hommerts. It wie in ear en genoegen om in bydrage te jaan oan de untwikkeling fan de bern, de learkreften en de skoalle! Ik soe sizze: wes sunich op de skoalle, bern en it team! En we ha, en dat is miskien wol sa belangryk, in bulte wurk- en oare wille han!

Binne jim yn de buurt fan de De Lege Gean, kom del. De koffy en thee is samar setten en dan kinne wy byprate. En oars kom ik jim noch wolris tsjin yn Hommerts of Snits! Dankjewol foar de moaie tiid en geweldige gearwurking. It giet jim goed!

Facebooktwittermail
%d bloggers liken dit: