Ja, u leest het goed. Afgelopen zondag was er Amerikaans bezoek op de ijsbaan in Hommerts. 

Door: Henk de Boer

Doe as de alde houten tillefoanpealen mei giele ferljochting noch op us iisbaan stiene en de werombaan nei it iishok noch in barre tocht wie troch de straffe eastewyn, ryd hy al op s baan om. En no wie der einliks werom, foar efkes. Mei grutte swieriche halen makke Rinke de Groot syn runtsjes. Ik kreas brun kolbert oan en it hier wapperjend yn de wyn. Al hie der noait fuort west.

En mocht der noch yn it iishok sjoen hawwe, dan hat hy him fest hielendal werom fielt, mei de autentyke posters dyt der noch hingje. Efkes in wike nei it heitelan mei syn frou Glenda en har soan Jesse om by mem Saakje op de jierdei te kinnen (80 jier ald is se wurden). Harren beide bern Logan en Meindert Klaas moasten dit kear yn Texas bliuwe, want sy hiene hjir fan it simmer al west.

In rekord oan besites oflizzend en eltsenien mei in smile, en in trien, te wurd stean. Moai om jimme wer efkes moette te hawwen yn Hommerts-Jutryp en gau nochris oant sjen!

p.s. en foar it iisklup bestjoer: Hy moat noch al twa euro entree ofdrage, mar dat soe hy de oare kear wol dwaan as hy wer werom komt

Facebooktwittermail