De earste kear wer nei de fekansje moat eltsenien wer efkes ienkomme, en reine

Door: Henk de Boer

De containers stiene foar ien kear by it doarpshus, en reine. Begjin september is it altiten moai waer, en reine. Mei fiif ploechen wiene we hjoed op paed, en reine. Mei in pear platte doasen koene we it wetter ut de kontainers skowe, en reine.

Yn de situaasje fan fan e moarn wiene der fjouwer soarten ald papier:
– wiet papier (fan e moarn by de dyk setten),
– dweiltroch wiet papier (justerjun by de dyk setten),
– papiermache (fan noch earder)
– kurkdroech papier (fan guons dyt har papier sels delbrochten, omdat se it ferjitten wiene by de dyk te zetten)

Der bleaun noch wolris wat papier (under seil) stean, mar lokkich binne der attente doarpsbewenners dyt dat noch efkes melden. Tige tank. Lokkich, om njoggen oere waard it wat droecher. Uteinliks hawwe we wer twa moaie containers fol papier (en wat wetter) oflevere.

Tige tank oan de papierophellers! (en oan de minsken dyt fan e moarn ier fan bed ofgien binne om it papier noch buten te setten)

Undanks it wetter, halden we de fleur der yn!

Facebooktwittermail