Het laatste nieuws van onze oud-papier vereniging die afgelopen weekend een drukke zaterdagochtend beleefde. 

Wat in topdei foar de ferieningen. Wylst at Farut en de Boppeslach sich wurksum makken mei it klearsetten fan in Boerenontbijt foar Poiesz yn Baaium, sieten de skoalle en de fuotbalferiening alwer yn it ald papier. En dat sieten se, oant de nekke ta!

Wat in bulte papier. Wer hawwe de minsken it allgearre opgarre? Binne se in healjier op fekansje west? Hawwe se allegearre de soulder opromme? Werom moat eltsenien no krekt nije tunstuollen keapje? It wie hjoed in kommen en gean fan barstensfolle papierkarren en we binne fanof it begjin oan, oan it doazenskuorren west en it yninoar stampen fan papier. Makket neat, we seachen it oankommen, want der stie al in bulte lans de dyk en we binne tige bliid mei al it papier en it wie moai waar en it koe derom in protte leie.

It wie sa mal dat we op in bepaald momint it lossen efkes stopje moasten. Spesiaal efkes tank foar de trochsetters: Sybren, Lars, Steven, IJsbrand, Dennis en George Thys. Sunder jimme hie it net klear kaam!

Fierders hiene we ek noch safolle papier oer, dat we twa karren oan papier fuortbringe moasten foar opslach by Folkert Gietema yn de loads. Folkert bedankt hjirfoar en Geart, Hans en Bauke, ik hoopje dat jimme it de folgende kear der ek wer wei helje wolle 😉

Ach as we dan dochs wat sizze meie tsjin de bewenners:  Graach doazen en doaskes sa folle mogelik plat ynleverje, dan binne we it minste lucht oan it ferfieren. Tige tank.

De aldpapierploech

p.s. Lars syn mem hie sien: Ach, it is mar in oerke. Oei, hy moast nei frin al snel nei hs, omdat der om tolve oere fuotbalje moast. Klasse, Lars!

Facebooktwittermail
%d bloggers liken dit: